Twa hurdriders trapearre

24 aug 2013 - 11:12

In 25-jierrige motorrider út Sint Anne is freed syn rydbewiis kwytrekke om't er fierste hurd ried. De man ried mei 140 kilometer yn 'e oere oer de Poptawei tusken Ljouwert en Marsum, dêr't 80 it maksimum is.

In 46-jierrige automobilist út Ljouwert koe freedtejûn ek syn rydbewiis ynleverje. Hy ried mei 133 kiometer oer de N32 by Wurdum dêr't fanwege wurk 70 it maksimum is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)