Lykspul Hearrenfean-Ajax

Yn in wier spektakelstik hat SC Hearrenfean mei 3-3 lykspile tsjin Ajax. Nei tweintich minuten like dat der noch net op. Ajax oerklaste Hearrenfean en kaam troch kopgoals fan Moisander en Sigthorsson op 2-0. By beide goals gong Nordfeldt net frij út. Hearrenfean kaam wûnder boppe wûnder werom. Twa goals fan Finnbogason en krekt foar rêst in goal fan Eikrem soargen foar de 3-2 rêststân.
Yn de twadde helte foel Ajax oan en loerde Hearrenfean op de counter. Yn de 65e minút waard it dochs 3-3 troch Eriksen.