Topoanwinst skipfeartmuseum

Makkum, skildere troch Cornelis Springer (1817-1891) © Fries Scheepvaartmuseum Snits
It Fries Scheepvaartmuseum yn Snits hat in topstik taheakke oan de kolleksje: in skilderij fan de 19e ieuske Amsterdamske skilder Cornelis Springer. It skilderij stelt in âld part fan Makkum foar. Cornelis Springer wie yn syn eigen tiid al in ferneamd skilder fan stedsgesichten mei minsken yn gewoane, deistige tafrieltsjes.
Springer hat faak yn Fryslân west om te skilderjen. It skilderij fan Makkum is fia Parys terjochte kaam yn Ingelân en troch in samler no yn brûklien jûn oan it museum yn Snits. It past yn it skipfeartmuseum omdat it it ferhaal fertelt fan it deistich libben yn de 19e ieu yn in Frysk havenplak.