Alve Fryske keningsportretten

23 aug 2013 - 16:12
  • Ilse Oelbers makke twa bylden fan de hollen fan Willem-Alexander en Máxima

Alve Fryske keunstners binne de striid mei-inoar oangien om it bêste staasjeportret fan kening Willem-Alexander, al as net yn selskip fan keninginne Máxima. It winnende wurk komt yn it Provinsjehûs te hingjen. Sûnt maart hiene de keunstners de tiid om in portret te meitsjen. It iene portret is in stik offisjeler as it oare.

In faksjuery en it Fryske publyk bepale wa't de striid wint, stimme kin op de website www.zofier.nl fan de organisearjende galery yn Nijskoat. Stimme kin oant 20 septimber.

Dêrnei wurdt it winnende portret oerdroegen oan de kommissaris fan de Kening John Jorritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)