Eilânstrannen 'relatyf skjin'

23 aug 2013 - 13:59

Stichting Noordzee hat dizze wike 4.000 kilo ôffal fan de Noardseestrannen helle. Mei lytse groepkes frijwilligers geane se de strannen ôf om te sjen wat der allegearre leit. Dy gegevens wurde sammele en komme yn in aparte app te stean. Freed wiene se op It Amelân. Dêr hawwe se 350 kilo ôffal ophelle. It giet om plastik pûden, fisknetten, iiswikkels en oare soarten ôffal.

De strannen op de Fryske Waadeilannen binne neffens stichting Noordzee skjinner as dy op de fêste wâl. Wol wurde der mear fisknetten en ôffal fan seeskippen oantroffen.

Trefwurden: 
Amelân ôffal Noardsee strân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)