ITGWO: tink om bûsehifkers

Into The Great Wide Open © ANP Kippa
De plysje warskôget besikers fan it festival 'Into The Great Wide Open' op Flylân foar bûsehifkers. Op Twitter hat de plysje ferskate tips setten en trúks fan bûsehifkers beskreaun om soks foar te kommen. Ek wurde de eilanners sels, dy't nei it festival geane, warskôge om thús doarren op slot te dwaan.
De plysje set ekstra minsken yn by 'Into The Great Wide Open' en is ekstra alert op bûsehifkers. De ôfrûne tiid binne bûsehifkers bot aktyf by grutte eveneminten, lykas Lowlands yn Biddinghuzen en de Gay Pride yn Amsterdam.
'Into The Great Wide Open' wurdt hâlden fan 6 oant 8 septimber. Hjir de tips fan de plysje: