Sobere restauraasje Dorp Grouw

23 aug 2013 - 12:25
  • It beurtskip Dorp Grouw

De restauraasje fan it lêste orizjineel bewarre beurtskip fan Fryslân, it Dorp Grouw, moat troch in tekoart oan jild flink fersobere wurde. De stichting Dorp Grouw presintearre oardel jier lyn in plan om it skip út 1910 hielendal op te knappen. Der kaam sels in subsydzje fan 60.000 euro út de pot plattelânsprojekten. Mar oare sponsors heakken ôf en sadwaande waard de deadline net helle.

Der binne no wol wat nije tasizzings, mar te min om it oarspronklike plan út fieren.

Dêrtroch moatte ferbinings dy't oarspronklik mei klinknagels makke waarden, no dochs laske wurde. De stichting wol it Dorp Grouw úteinlik ynsette as rûnfeartboat foar toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)