Pleats fan it jier by Garyp

In pleats oan de Sigerswâld by Garyp is keazen ta 'Fryske pleats fan it jier 2013'. It giet om in histoaryske kop-hals-romp fan Jochum en Loekie Veenje, dy't omboud is ta wenhûs en in bêd en brochje. De ferkiezing is in inisjatyf fan de Boerderijenstichting Fryslân. It tema foar de ferkiezing wie dit jier it wergebrûk fan Fryske pleatsen.
Ut 18 oanmeldings keas de sjuery de pleats by Garyp as winner. De winner docht ek mei oan de lanlike ferkiezing foar de moaiste pleats fan Nederlân.