Boubedriuwen wer wat positiver

23 aug 2013 - 09:58
  • Wenningbou

Ien op de seis bedriuwen yn Noard-Nederlân ferwachtet dat de omset dit fearnsjier omheech giet. In kwart fan de ûndernimmers ferwachtet in delgong. Dat docht bliken út de nijste COEN-sifers. COEN stiet foar Conjunctuurenquête Nederland. Benammen de detailhannel is pessimistysk oer de ferkeapen.

Dat komt benammen omdat konsuminten mar in bytsje betrouwen yn de ekonomy hawwe. Undernimmers yn de bou lykje wer wat positiver te wurden. Ferline jier tocht de helte fan de boubedriuwen dat de omset omleech gean soe, no leit dat sifer op 11%.

Eric Jansen fan de Keamer fan Keaphannel tinkt dat de boaiem fan de krisis no wol berikt is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)