Ledeferlies by sportferienings

Fryske sportferienings hawwe de kommende jierren te krijen mei ledeferlies. Grutste oarsaak is it feit dat der hieltyd minder bern berne wurde. Kuorbalklups fernimme al in pear jier dat se minder leden hawwe en dat leit him net oan de populariteit.
Fuotbalferienings groeie noch altyd licht yn it tal leden. Dat komt om't famkes- en frouljusfuotbal populêr is. De froulju fange it ferlies by de manlju op. Dochs tinkt KNVB Noord dat der oer tsien jier sawat 15 persint minder leden binne as no.