Ljouwert Haadstêd fan Smaak

22 aug 2013 - 17:27

Ljouwert wurdt yn 2015 Haadstêd fan de Smaak. Neffens de sjuery wie de Fryske haadstêd benammen better as de konkurrearjende kandidaten Teksel en Wageningen yn de presintaasje fan de earlike streekprodukten.

Oer it entûsjasme fan de inisjatyfnimers Tsjerk Visser en Marlise Vroom en de profesjonele meiwurking fan Fryske topkoks wie de sjuery fol lof. As lanlike Haadstêd fan de Smaak sille der yn 2015 in jier lang allegearre kulinêre eveneminten yn de provinsje hâlden wurde.

De beneaming ta Haadstêd fan de smaak is neffens de organisaasje yn Ljouwert in moaie opmaat rjochting de finale fan de Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)