Glemmer op De Lemmer

22 aug 2013 - 17:20

It fjouwerdaagske strânfestival Glemmer op De Lemmer set tongersdei útein. Ien fan de grutste Fryske festivals belibbet syn fjirde edysje. Tongersdeitemiddei waard noch wurke oan de lêste tariedings. De organisaasje hat dêrfoar in ek soad frijwilligers ynset.

De organisaasje ferwachtet dit jier 20.000 besikers, 8000 mear als yn 2012. Tongersdeitejûn is it earste konsert. Dan spilet de band Racoon. Foar jûn binne gjin kaarten te krijen. Op de lêste dei wurdt wat spesjaals dien foar de Lemsters.

Trefwurden: 
De Lemmer Glemmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)