Brúnfisk oanspield op It Bilt

22 aug 2013 - 15:18
  • Oanspielde fisk is nei alle gedachten brúnfisk

Op 'e seedyk tusken De Westhoek en Swarte Haan is nei alle gedachten in brúnfisk oanspield. Twa froulju fytsten oer de seedyk oan de Waadkant en seagen it bist lizzen. Op grûn fan de foto dy't sy makke hawwe, tinkt in saakkundige fan de stichting SOS Dolfijn dat it in brúnfisk is, mar alhiel wis is er net. Der is neffens him ek in lytse kâns dat it in hiel jonge wytsnútdolfyn is. Om dat te beoardieljen, binne mear gegevens nedich.

Meldings fan oanspielde brúnfisken komme hûnderten kearen yn it jier foar, ûnder oare fan de Waadeilannen.

Dat in brúnfisk op It Bilt oanspielt, komt folle minder faak foar. Foar safier bûtsiker Leen Ferwerda it noch wit, wie de lêste kear yn 1998.

De seehûnekresj yn Pieterburen hat de foto yntusken besjoen en komt ek ta de konkluzje dat it in brúnfisk wêze moat. Lenie't Hart wol it bist ophelje, om eventueel noch ûndersyk dwaan te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)