Elk plak in eigen app

22 aug 2013 - 12:48

Alle 428 Fryske stêden, doarpen en útbuorrens krije krije fan hjoed ôf in eigen app foar de smartphone. De ynformaasje dêrfoar wurdt oanlevere troch de bewenners sels. Toeristen en oare gasten kinne op de app sjen wêr yn it plak oft aktiviteiten of oanbiedings binne. De app-besikers kinne sels ek ynhâldlike oanfollings dwaan op de ynformaasje.

Op 't heden binne tolve apps beskikber: fan de Fryske alve stêden en fan it buorskip Sânfurden. Oan de ein fan it jier moatte alle apps klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)