Operaasje foar Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt moat de start fan it nije seizoen oan him foarby gean litte. De shorttracker wurdt tongersdei operearre oan de knibbel, om't er lêst hat fan in skuorke yn de meniskus. Knegt sit middenyn de tarieding op it nije seizoen mei as hichtepunt de Olympyske Spelen yn Sotsji. Hy hat dêrfoar al in nominaasje yn de bûse, mar hy moat noch foarmbehâld toane.
De Bantegeaster makket him foarearst noch gjin soargen oer syn dielname oan de Spelen. Hy hopet gau wer fit te wêzen.