Mei 172 oer A7 by Drachten

22 aug 2013 - 10:00

De plysje hat woansdeitejûn in 34-jierrige automobilist út Almere steande hâlden foar hurdriderij. De man ried op de A7 by Drachten mei in faasje fan 172 kilometer yn 'e oere. Boppedat ried er hieltyd op de linker baan.

De plysje hat it rydbewiis fan de rappe rider ynnaam. De Almeerder krige ek noch in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)