MBO'ers kieze op lêste stuit

Mei noch mar in pear dagen te gean foardat it skoaljier úteinset, binne yn Fryslân noch altyd hûnderten MBO-studinten dy't net witte hokker stúdzje se kieze moatte. Offisjeel set it skoaljier kommende moandei útein, mar ynskriuwe kin noch oant 1 oktober. Foar guon MBO's reden om noch alles út de kast te heljen.
ROC Friese Poort hâldt al jierren last minute-foarljochtings. Jongerein kin delkomme op de lokaasjes yn Ljouwert, Snits, Drachten en ek yn Emmeloard. Yn Ljouwert kamen sawat 150 lette besluters del om last minut-advys.
Neffens de Friese Poort is it in trend fan de lêste tsien jier dat bern de simmerfakânsje noch brûke om nei te tinken oer hokker oplieding se kieze sille.