Steve Jobsskoalle Snits iepene

21 aug 2013 - 14:10
  • Bern yn de Steve Jobsskoalle yn Snits
  • Bern yn de Steve Jobsskoalle yn Snits

Yn Snits is woansdei de earste Steve Jobsskoalle iepene. Op 'e nije skoalle leare de bern net mear út boeken en skriften, mar fan in iPad ôf. Boppedat kinne se fia in saneamde firtuele skoalle op har tablet ek bûten de reguliere skoalle-oeren har lessen folgje en húswurk meitsje. Master en juffen steane net mear standert foar de klasse, mar sille de bern as coaches mear yndividueel begeliede. De skoalle yn Snits begjint foarearst mei 125 learlingen. Doel is dat yn minimaal fiif oare plakken yn Nederlân, lykas Amsterdam, sa'n skoalle komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)