Epke op twa tastellen op WK

21 aug 2013 - 10:56

Epke Zonderland komt by de kommende wrâldkampioenskippen turnjen yn Antwerpen út op twa tastellen. Dat meldt it turnbûn. Hy docht in oefening op rekstôk, it tastel dêr't er in jier lyn Olympysk kampioen mei waard en hy komt ek út op de brêge. Yn juny ferovere de Lemster op dit tastel de Nederlânske titel. It WK is fan 30 septimber oant en mei 6 oktober. Epke hat noch nea goud helle op in WK.

Michel Bletterman en Arjen Butter, ek fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean, sitte net by de seleksje. Sy hawwe der bewust foar keazen om it WK sjitte te litten. Glenn Smink, dy't traint op It Hearrenfean, is wol selektearre.

Trefwurden: 
Epke Zonderland WK turnjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)