Opnij sjen nei jild TK College

21 aug 2013 - 10:49
  • It Tjalling Koopmans Kolleezje

Steatssekretaris Dekker fan ûnderwiis moat opnij in beslissing nimme oer de bekostiging fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. Dat blykt út in útspraak fan de Ried fan Steat. Dekker wegere dizze moanne om de nije skoallen jild te jaan. Neffens him is it net tastien om learlinge-oantallen foar libbensbeskôchlike of religieuze skoalrjochtingen byelkoar op te tellen om sa oan de noarm foar it begjinnen fan in nije skoalle te foldwaan. It Tjalling Koopmans College, en noch fiif oare skoallen, hawwe hjir mei sukses beswier tsjin makke.

It Tjalling Koopmans College hâldt útsicht op ekstra jild foar de bekostiging fan de HAVO ôfdieling yn de boppebou, dy't pas oer trije jier losgiet. De steatssekretaris wegere de bekostiging om't de skoalle him net oan de goede proseduere hâlde. De skoalle begjint moandei mei 80 learlingen yn de earste klasse. It giet om in bedrach fan 6.000 euro yn it jier de learling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)