Motorrider ferwûne rekke

21 aug 2013 - 10:40

In 31-jierrige motorrider út De Feanhoop is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Folgsterloane yn Houtigehage. De man botste tsjin de auto fan in 23-jierrige frou út Oerterp. Dy kaam de motorrider temjitte en gie linksôf. De motorrider koe in botsing net foarkomme. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok plysje De Feanhoop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)