Grutte sykaksje nei sylskip

By Skiermûntseach is tiisdeitejûn mei man en macht socht nei in fermist sylskip. It skip mei fjouwer folwoeksenen en trije bern gie earder op 'e dei de Waadsee op om seehûnen te sjen. Doe't it selskip net op tiid werom wie yn 'e haven fan Skiermûntseach, sloech in famyljelid alaarm. It Kustwachtsintrum yn Den Helder krige jûns om healwei tsienen de melding. De Kustwacht hie fuortendaliks in sykaksje opset.
Under oare de rêdingboaten fan Skiermûntseach en Lauwerseach, in skip fan de Kustwacht en in rêdingshelikopter diene dêr oan mei.
Mei-inoar wiene der fjouwer boaten oan it sykjen nei de 6 meter lange twamêster. De rêdingshelikopter wie krekt oan it oefenjen by Den Helder en koe sa trochfleane. Uteinlik kaam de fermiste boat nei healwei alven feilich de haven fan Skiermûntseach binnen farren. De opfarrenden hiene wol mobile tillefoans mei, mar hiene op see gjin berik om te warskôgjen dat se wat letter kamen. Se hiene der gjin idee fan dat der in grutte sykaksje op tou set wie foar harren.