Disko Feu wurdt 'event center'

De bekende Drachtster diskoteek Feu - ek wol bekend as Jenifeu - giet fan septimber ôf fierder as event center. Dit betsjut dat der temafeesten komme foar ferskate doelgroepen. Feu hopet sa ek nei 45 jier oantreklik te bliuwen foar nije generaasjes stappers. Om de nije formule mooglik te meitsjen wurdt de eardere diskoteek yngeand ferboud en útwreide mei ûnder oare in VIP-deck.
Jongeren ûnder de 18 binne fan septimber ôf op de measte jûnen net mear wolkom yn Feu. Dy wurde dan trochstjoerd nei poolsintrum 'N Joy, ek oan de Noardkade.
Feu rint dêrmei foarút op de strangere alkoholwetjouwing mei yngong fan 2014. Foarbylden fan temafeesten dy't Feu yn de takomst organisearje wol binne ûnder oare Keihard, Sexy Motherfucker en Nope is Dope.