Technyske opliedings populêr

Hieltyd mear studinten yn Fryslân kieze foar in technyske oplieding. By Van Hall Larenstein yn Ljouwert is it tal studinten dit skoaljier mei 23 prosint groeid. De opliedings melkfeehâlderij en fiedingsmiddeletechnology hawwe in grut oandiel yn de fikse groei. Júst yn dizze brânzjes is in grut tekoart oan jong talint. Benammen de baangarânsje spilet in wichtige rol yn de kar foar in agraryske oplieding. Ek yn de suvelbrânzje is in grut tekoart.
Van Hall wol dêrom starte mei in kampanje om jongeren te motivearjen foar de oplieding troch baangarânsje te bieden. Yn maaie dit jier waard bekend dat FrieslandCampina yn gearwurking mei in netwurk fan bedriuwen, skoallen, gemeenten en de provinsje ynvestearret yn de suveloplieding fan it Van Hall.