Gemeente jout Cambuur jild

Stockfoto Cambuur stadion © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Sportklup Cambuur krijt 50.000 euro fan de gemeente Ljouwert yn ferbân mei it opknappen fan it stadion. It giet om de kosten foar it nije parkearterrein foar útsupporters. De gemeente woe oan de achterkant fan it stadion in apart plak foar bussen fan útsupporters yn ferbân mei de feilichheid. Cambuur hat oan dy eask foldien, mar woe net allinnich foar de kosten fan 100.000 euro opdraaie. De klup en de gemeente ha besletten om elk de helte fan de kosten te beteljen. Cambuur hat it stadion opknapt om oan de easken fan de earedivyzje te foldwaan.