'Gjin ferplichte mantelsoarch'

20 aug 2013 - 16:44
  • Mantelsoarch op De Batting yn Harns

Famyljeleden fan ferpleechhûsbewenners fan Noorderbreedte wurde net ferplichte om mei te helpen yn de soarch foar heit of mem. Moandei kaam in soarchsintrum yn Gouda yn it nijs, dy't de famylje fan bewenners ferplichtet om har 4 oeren yn de moanne yn te setten as frijwilliger. Noorderbreedte sil dat net dwaan, seit Henk Hylkema, lokaasjelieder fan ferpleechhûs de Batting yn Harns. Ferplichte mantelsoarch soe it ferkearde effekt ha, omdat famylje om ferskate redenen net altyd helpe kín of wól.

Noorderbreedte belûkt de famylje der wol by, om de besteande relaasje sa goed mooglik fuort te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)