Steuring abonnees Kabelnoord

20 aug 2013 - 15:55

Troch in steuring yn it glêsfezelnetwurk sitte 5-tûzen klanten fan Kabelnoord tiisdeitemiddei sûnder ynternet, tillefoan en televyzje. It giet om klanten út de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en it eilân Skiermûntseach. De steuring is neffens kabelbedriuw Kabelnoord ûntstien by graafwurksumheden by de rotonde by Mitselwier. Der binne twa glêsvezelkabels dwerstroch lutsen.

Op de gemeentehuzen fan Kollum en Bûtenpost liedt de steuring ta fertraging, omdat oanfragen foar persoansdokumenten pas in dei letter ferstjoerd wurde kinne. De ferwachting is dat tiisdeitejûn om tsien oere de steuring oeral ferholpen is.

Trefwurden: 
steuring Kabel Noord
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)