Grutte kontrôle kabels Waad

20 aug 2013 - 14:58

Netwurkbehearder Liander is dizze wike úteinset mei in grutte kontrôle fan de elektrisiteit-, gas-, en kommunikaasjekabels nei de Fryske waadeilannen. Foar it earst wurdt hjirbij gebrûk makke fan ûnderwetter mjitapparatuer dy't spesjaal foar Liander yn Amearika ûntwikkele is. Troch de sterke streaming yn de Waadsee driigje de transportkabels boppe de grûn te kommen. Dan is it gefaar grut dat se troch de skipfeart of fiskersboaten stikken lutsen wurde, wêrtroch in eilân sûnder stroom en gas komt te sitten.

Boppedat kostet it minimaal 250.000 euro om in brutsen kabel te reparearjen. Tusken de waadeilannen en it fêste lân lizze hûnderten kilometers fan dizze kabels begroeven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)