Reitse test nije ierappels

20 aug 2013 - 12:45
  • It testteam
  • De ierappels ha ferskate kleuren

De bekende Fryske kok Reitse Spanninga hat tiisdeitemoarn yn opdracht fan ierappelhûs HZPC in tal nije ierappelsoarten probearre. It ierappelhannelshûs hat Spanninga by Mitselwier in proeffjild ter beskikking steld wêrop nije rassen as Inca Sun, Annabel en Briosa tile binne. Spanninga hat ierappelsalades fan de nije rassen makke en se ek ferwurke yn chips.

De Jouster kok is entûsjast en wol de gerjochten opnimme yn de menu's fan syn eigen restaurant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)