Rút tsjerke Ljouwert fernield

20 aug 2013 - 10:36

In 22-jierrige Ljouwerter is moandeitenacht oanhâlden nei't er in rút fan in tsjerke oan It Turflân yn syn wenplak fernield hie. De man naaide út, mar fytste krekt de kant fan de plysje op. De man smiet in stien tsjin de plysjeauto oan. Hy waard oanhâlden en meinaam nei it buro. Underweis misledige de man de plysjes. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)