Yn in hûs oan de Professor Wassenberghstrjitte yn Frjentsjer is yn de nacht fan snein op moandei ynbrutsen. In laptop, I-pad, sieraden en in klûs binne meinaam. De 41-jierrige bewenner hat oanjefte dien.