Start ferkearsaksje Frjentsjer

20 aug 2013 - 10:18

Learlingen fan basisskoalle De Toermalijn yn Frjentsjer hawwe tiisdeitemoarn it lanlike startskot jûn fan de kampanje 'De scholen zijn weer begonnen'. Mei foarsitter Karla Peijs fan Veilig Verkeer Nederland en deputearre Sietske Poepjes dielden de skoalbern sels makke kaarten út oan automobilisten.

Foar it startskot fan de lanlike aksje is foar de Toermalijn keazen om't dizze skoalle al in hiel soad docht oan ferkearsfeiligens en bern stimulearret om op de fyts nei skoalle te kommen.

Ut sifers fan VVN docht bliken dat bern hieltyd faker mei de auto nei skoalle brocht wurde. Neffens Peijs moatte bern sa gau as mooglik selsstannich nei skoalle ta rinne of fytse. Auto's fan parkearende âlden soargje faak wer krekt foar mear ferkearsûnfeilichheid by de skoallen. Veilig Verkeer Nederland wol dêrom de trend dat bern hieltiid mear mei de auto brocht wurde wer omkeare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)