Jonge berôve fan syn tillefoan

20 aug 2013 - 09:47
  • Plysje-embleem

In jonge fan 17 út Jistrum is moandeitenacht op de Optwizel yn Twizel berôve fan syn tillefoan. Hy ried mei syn bromfyts yn de buert fan it tankstasjon, doe't in auto it paad op ried en him twong om te stopjen. De bestjoerder stapte út en frege oan de jonge of hy syn tillefoan brûke mocht. De man stapte mei de tillefoan yn de auto. Doe't de Jistrummer syn tillefoan werom frege, krige er in oar tastel werom. Doe't de jonge hjir wat fan sei en de man ek fêstgrypte, naaide de bestjoerder út.

De man ried yn in âld model folkswein. It giet om in blanke man fan in jier as 30. Hy is 1,75 lang, hat in foars postuer en is mooglik East-Europeesk. Hy prate gebrekkich Nederlânsk. De plysje wol graach yn kontakt komme mei de bestjoerder fan de auto. Minsken dy't wat witte kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)