'Gjin gaswinning by Skylge'

20 aug 2013 - 07:23
  • De dunen by Hoarne

De steatefraksje fan Friese Koers is lilk op it ministearje fan ekonomyske saken dat in saneamde opspoaringsfergunning foar gaswinning by Skylge ferliend hat oan Ascent. Dit bedriuw hat de fergunning ferkocht oan Tulip Oil. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra is it ûnakseptabel dat der oan de noardkant fan Skylge nei gas socht wurdt.

De gaswinning hat neffens de fraksje grutte gefolgen foar it toerisme en de wurkgelegenheid. De fergunning soe ek net passe binnen Natura 2000 en de wrâlderfguodstatus. De provinsje moat derom optrede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)