Ferwûnen by ûngelok Lollum

19 aug 2013 - 20:54
  • It plak fan it ûngelok

De plysje hat moandeitejûn in 41-jierrige ynwenner fan Warkum oanhâlden, om't er mei tefolle drank op in oanriding feroarsake hie. De man ried op de Berhuzerwei yn Lollum, doe't er op de ferkearde kant fan de dyk telâne kaam. Op dat stuit kaam krekt in motorrider oanriden. De motor waard bestjoerd troch in 23-jierrige ynwenner fan Warkum. Achterop siet in 22-jierrige frou út Snits. De motor en de auto botsten frontaal opinoar. De motorriders en syn duopassazjiere rekken ferwûne. Fan de fertochte is bloed ôfnaam.

Fan de autobestjoerder is bloed ôfnaam. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke en syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)