Nije haadsponsor foar Flaeijel

© Omrop Fryslân
Janco de Jong BV út De Gordyk is de nije haadsponsor fan it Flaeijelfeest yn Nijhoarne. Moandeitemiddei binne de kontrakten ûndertekene. De organisaasje fan it doarpsfeest is tige wiis mei de nije haadsponsor. De organisaasje is der ek yn slagge om nettsjinsteande de krisis in rekôrtal fan sechstich sponsors te finen. Yn septimber wurde alle sponsors bekend makke yn in spesjale Flaeijelkrante. De krante ferskynt yn in oplage fan 72.000 stiks.
It Faeijelfeest is in Frysk kultuer-histoarysk evenemint dêr't alle jierren sawat 25.000 minsken op ôf komme. It wurdt dit jier hâlden fan 26 oant en mei 28 septimber.