Klapredens no ek fan hout

23 jan 2012 - 12:43

Op it iis fan de keunstiisbaan FlevOnice yn de Flevopolder binne moandeitemoarn besûndere houten klapredens presintearre. Martien Pater hat de redens betocht en keunstner Ids Willemsma hat úteinlik it ûntwerp makke.

It earste pear fan de houten klapredens is oanbean oan maratonreedrider Jan Maarten Heideman. Der binne foarearst fyftich eksimplaren makke. Se binne allinnich op ynternet te keap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)