Singelland jout bern iPad

Nije wike moandei begjinne de skoallen foar fuortset ûnderwiis. In soad learlingen sille dan har boeken ophelje. Mar op it Singelland yn Burgum hâlde se dêr dit jier mei op yn de earste twa klassen. Dêr wurde sa goed as alle boeken ferfongen troch de iPad, in tabletkompjûter mei software dus.
Foar safier bekend is Singelland ien fan de earste skoallen dy't dit sa rigoreus docht. Ferline jier al krigen alle learlingen in laptop yn stee fan boeken, mar dat foldie net goed.
Der wiene faak steuringen en it opstarten fan de kompjûters duorre lang. Ek wiene de akku's faak leech. De âlden fan de bern yn Burgum moatte 156 euro betelje foar de hier fan de iPad en de software. Eventueel kinne se ek sels in iPad keapje. De administraasje fan de skoalle sjocht it hielendal sitten mei de iPad. It doel is dat de kommende jierren ek de hegere klassen hielendal digitaal wurkje sille.