'Savic wie wol transferfrij'

19 aug 2013 - 15:43

Proefspiler Stefan Savic bliuwt net by SC Hearrenfean en sil op koarte termyn in kontrakt tekenje by in oare klup yn Nederlân. Dat seit syn belangebehartiger Mark de Boer. Ynterim-direkteur Gaston Sporre sei earder dat it ûnwis is oft der noch in transfersom betelle wurde moat foar de spiler fan Red Bull Salzburg.

Neffens De Boer is it ûnsin dat Hearrenfean him net transferfrij oanlûke koe. De Boer seit dat Van Basten Savic graach hawwe woe, mar dat SC Hearrenfean him om in frjemde reden weromlutsen hat. Savic hat acht wiken staazje rûn.

Ald-technysk direkteur Johan Hansma soe him in kontrakt oanbiede, mar neffens De Boer hat SC Hearrenfean him weromlutsen neidat Hansma op non-aktyf steld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)