Poatjirpelprojekt yn Sry Lanka

Nei Ruslân komt der mooglik ek yn Sry Lanka in projekt út Noard-Nederlân wei, om boeren op te lieden en mear Nederlânske poatijirpels te ferkeapjen. Ein dizze moanne giet in delegaasje út Fryslân, Grinslân en Drinte nei Ruslân, om dêr de Nederlânske poaters te promoatsjen op in agraryske beurs. Dan wurde ek boerebedriuwen besocht, om kennis oer it ferbouwen fan jirpels oer te dragen.
Dizze SNN-útwiksel is yn 2009 begûn en rint hast ôf. Yntusken binne der kontakten lein yn Sry Lanka om dêr in fergelykber projekt op te setten.