Koöperaasje griene enerzjy

23 jan 2012 - 12:00
  • Duorsume enerzjy

Fryslân krijt mei yngong fan juny in eigen provinsjale enerzjykoöperaasje. Dat seit Bouwe de Boer, koördinator enerzjy fan de gemeente Ljouwert. It jild dat oars nei enerzjybedriuwen giet, kin mei de nije koöperaasje ynvestearre wurde yn it opwekken fan griene enerzjy.

Elkenien kin lid wurde fan de koöperaasje Fryslân 2040. Mei in soad leden kin dy dan fan enerzjyleveransiers easkje dat griene enerzjy út Fryslân brûkt wurde moat. Dat stimulearret ynvestearrings yn griene enerzjy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)