Provinsje REC-ûndersyk betelje

23 jan 2012 - 11:08

De provinsje moat it ûndersyk betelje fan Amerikaanske wittenskippers nei reekgassen fan de ôffaloven REC yn Harns. Dat fynt de steatefraksje Friese Koers fan Jelle Hiemstra. It ûndersyk kostet 8000 euro.

Fraksjelieder Hiemstra fynt dat de provinsje grutte flaters makke hat mei de ôffaloven. Sa soe der gjin goede grûn wêze foar fergunningferliening en hawwe amtners ferskate belangen hân by de oanfraach fan de fergunnings. Neffens Hiemstra hie it kolleezje ferline jier ek yngripe moatten doe't de ôffaloven oer de noarmen hinne gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)