Fryske oarlochsbrieven fûn

19 aug 2013 - 11:19

In bysûndere fynst yn it Drintske Yde: by it opromjen fan it te sluten doarspkafee fûn de eigener in blik mei 60 brieven út de Twadde Wrâldoarloch. It binne betankbrieven oan de kafee-eigeners fan doe, skreaun troch Fryske manlju. De Friezen sieten yn in strafkamp yn it doarp. Se moasten wurkje oan de Frieslandriegel, in ferdigeningsliny fan 'e Dútsers op 'e Fryske grins.

It kafee wie fan de famylje Timmer. De famylje hie it bêste mei de Fryske manlju foar. Se joegen de finzenen ekstra iten en medisinen en holpen har om te ûntsnappen.

De brieven binne yn hannen kommen fan Erik Dijkstra, dy't ûndersyk docht nei it strafkamp yn Yde. Hy hat alle brieven ynskend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)