Dronken Frânsman oppakt

© ANP Lex van Lieshout
De plysje hat sneintemiddei yn Jelsum in Frânsman (51) oppakt op fertinking fan bedriging en it riden ûnder ynfloed. De man hie mei syn auto in ôffalbak by it tankstasjon ramd. Doe't in meiwurkster (49) fan it tankstasjon de plysje belje woe, waard se bedrige.
Plysjes hawwe de man oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Der waard proses-ferbaal tsjin de man opmakke. Syn rydbewiis waard ynfoardere. De meiwurkster fan it tankstasjon hat oanjefte dien.