Kramer 3e yn Jever Fun Lauf

19 aug 2013 - 06:42
  • Mariska Kramer tegearre mei winneres Tabitha Wambui

Hurdrinster Mariska Kramer fan Drachten is sneon tredde wurden op de Jever Fun Lauf yn it Dútske Schortens. Kramer rûn de tsien Ingelske milen yn in tiid fan 57 minuten en 48 tellen. De winst by de froulju gong nei de Keniaanse Tabitha Wambui. It twadde plak wie foar de Sloveense Katarina Beresova.

By de manlju gong de winst nei de Keniaan Stephen Nkubitu, dy't in eintiid klokte fan 47 minuten en 26 tellen. Syn lângenoat Dennis Kimetto waard twadde, folge troch Kibrom Weldemicael út Eritreä.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)