'Fryslân' wint WK langbaan

18 aug 2013 - 20:42

Theo Pijper, Jannick de Jong en Dirk Fabriek ha snein yn it Ingelske Swingfield de wrâldtitel foar Nederlân op de langbaan binnen helle. De trije Fryske gersbaankoereurs hellen 65 punten, twa mear as de nûmer twa Frankryk en sechstjin mear as de nûmer trije Ingelân. Op de gersbaan fan Swingfield wie Theo Pijper geweldich op dreef, hy helle 30 punten binnen. Europeesk kampioen Jannick de Jong die der 21 punten by en Dirk Fabriek 14.

Trefwurden: 
gersbaan motorsport
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)