Nij wrâldrekôr tennisjen

18 aug 2013 - 18:19

Nei 57 oeren en 30 minuten hawwe tennisser Sipke de Hoop en syn klupgenoaten yn Súdlaren it wrâldrekôr dûbelspultennisjen ferbettere. Freed sette it fjouwertal mei ek Rob Hamersma, André Poel en Wichard Heidekamp útein mei de rekôrpoging. Sneintejûn sloegen se de lêste bal, nei 45 tenniswedstriden efterinoar spile te hawwen.

It âlde rekôr stie op 56 oeren en 37 minuten en wie sûnt 2010 yn Australyske hannen. As alles folgens de regels ferrûn is, wurdt de prestaasje fan it fjouwertal offisjeel opnaam yn it Guiness Book of Records.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)