Vd Meulen bêste yn Kimswert

De haadklasse keatspartij yn Kimswert is snein in proai wurden foar Johan van der Meulen, Renze Piter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Yn de einstriid wie it trio mei 5-1 en 6-2 Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra de baas. Hylke Bruinsma waard yn Kimswert ta kening útroppen.
De lytse preemje gie nei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger, dy't mei 5-3 en 6-4 ûnderút gongen tsjin it partoer fan Van der Meulen c.s.