Weening achtste yn Eneco Tour

Pieter Weening is snein as fyfde einige yn de sânde en lêste etappe yn de Eneco Tour. De Harrekyt klom dêrtroch noch in plakje yn it einklassemint en einige úteinlik as achtste. Lieuwe Westra fan De Tynje gong yn de slotrit ûnderút en hat de etappe net útriden. Sneu, want hy stie sechsde yn de klassemint. De winst yn de lêste etappe wie foar de Tsjech Zdenek Stybar, dy't ek de einoerwinning op syn namme skreau.