Earste ferlies SC Hearrenfean

SC Hearrenfean ferlear snein op eigen fjild mei 4-2 fan Heracles Almelo. Al nei 3 minuten sette topskoarder Alfred Finnbogason syn ploech op foarsprong. Op slach fan rêst kaam Heracles op likense hichte, wêrnei't de ploech fan Marco van Basten it inisjatyf kwyt rekke.
Heracles profitearre optimaal troch nei rêst twa kear te skoaren. Joey van den Berg brocht de spanning mei de oanslutingstreffer werom yn de wedstriid, mar Heracles liet him de tsiis net fan de bôle ite. In fjirde Almelose treffer makke in ein oan alle yllúzjes.